|
Wat binne de aktiviteiten fan de reisforiening?
Op de earste sneontejoun fan novimber hâlde wij ús ledefergadering. Dizze joun leit fést, sadat alle leden witte kinne wannear de ledefergadering is.
De gong fan saken op dizze joun is as folge:
Natuerlik in wurd fan wolkom, it ferslach fan de foarrige gearkomste , it reiske ferslach fan it ôfrûne jier, en ek de ynkomsten en útjeften wurde fertelt. Dan is der rom tiid foar in bakje kofje en dan binne der bestjoers ferkiezingen as nedich is en oars geane we fierder mei it útsykjen fan de nije reiskedei, wannear en wêrhinne. Oan’e ein fan de joun binne der meastal in tal rountsjes bingo. Dit is om de fergaderkosten wer wat te drukken.
Om,t de fergadering op sneontejoun is bliuwe de leden wol aardich sitten. Sa kin der yn alle rést neipraten wurde. Op de fergadering fan 5 novimber 2005 is féstlein dat we op 20 juni 2006 ús reiskedei hâlde sille.
De ledefergadering fan 2006 sil wése op 4 novimber.
|