|
Ferslach fan de ledefergadering op 11 febr.2010
De foarsitter(Sjoerd vd.Weide) kin 14 leden, de reserve boade Zylstra, de nij te beneamen boade Smits en it warbere pear Rients & Sjoukje de Boer wolkom hjitte. Bestjoerslid Tabe Zylstra hie krekt dizze dagen earne in koarte fakânsje besprutsen en wie der dus net. Wy nimme in moment stilte yn acht foar de leden en (ald)doarpsgenoaten dy’t yn 2009 stoarn binne; te witten: E.Wynia-de Jong, S.Zeinstra, A.Hettinga, G. Rienstra-Seubers, A.Oegema-Ypma, R.Bouwma, A.Koudenburg-Hoekstra en A. Dykstra-Tamminga.
Neidat de skriuwer(Gerrit v.Wallinga) de ynkommen stikken, wer’t neat gjin bisûndere dingen by binne, trochnommen hat, komme de oantekenings fan de lêste ledefergadering oan de oarder. Wy wurde wer efkes bypraat wat der in jier lyn op de fergadering behannele is. Hjirnei is de ponghâldster(Betty Blanksma-D.) oan bar. Troch alle útfearten dy’t de feriening it ôfrûne jier fersoarge hat binne der, foar ús dwaan, hege bedragen yn de boeken. De leden fan de kaskommisje(Klaas Jan Hofstra & Piet Szn.Viëtor) jowe har desjarzje oan de ponghâlster en Tsjêbe Hettinga folget Piet Viëtor yn dizze kommisje op. De leden geane akkoard mei it bestjoersfoarstel om ledekoarting fan €1000,00, de kontribúsje fan 18 jier en âlder € 18,00 en jeugd oant 18jier op € 4,50 te hâlden. By de bestjoersferkiezing wurdt de foarsitter mei in grutte mearderheid fan stimmen wer keazen; ek wiene der gjin tsjinkandidaten by it bestjoer ynstjinne Nei oanlieding fan AGENDA punt 9: Ferline jier hat Rients de Boer yn de rûnfraach sein dat it bestjoer ris om in opfolger foar him sjen moast omdat ek syn jierren begongen te tellen. Wy hawwe doe in oprop yn it Doarpsfinster hân as der ek doarpsgenoaten wiene dy’t der wat foar fielden om Rients op te folgjen. Der binne gjin reaksjes op kommen. It is ek net makkelik om mei it byld fan Rients, dat jo dochs foar eagen stiet, hjir op yn te gean. It bestjoer hat ris om him hinne sjoen wa’t der yn de susterferienings as boade aktyf binne. Sa kamen wy doe efkes yn petear mei de feriening fan Seisbierrum en yn desimber hawwe wy in praatsje mei Henk Smits makke. It bestjoer wol de leden foarstelle om de hear Henk Smits mei yngong fan 12 maaie as boade te beneamen. Henk Smits wennet yn Seisbierrum, hat de oplieding fan de STIVU folge, is boade yn Seisbierrum, en zzp-er; dat hâldt yn dat hy sels syn wurksumheden yndiele kin en net fan in oar ôfhinget as it wol as net past. Smits ferteld noch it ien en oar oer himsels en dat it boadewurk him tige oansprekt.
Wat Rients en ek Sjoukje oangiet, Rients is 1 april 1983 as boade beneamd. Dus hy hat by ús al 27 tsjinstjierren. Ek Sjoukje hat op de eftergrûn der altyd by west as reserve ôflister. Efkes werom sjen yn ‘e tiid: Der is tiisdei 15 mrt.1983, in bûtengewoane ledefergadering hâlden nei it opsizzen fan boade Pijl en de foarsitter S.v.Dyk meldt, dat der net in nije boade yn eigen doarp fûn is. Ut Achlum binne 2 kandidaten te witten: N.Zuurbier en R. de Boer. Nei wat hinne en wer praten op de fergadering wurdt ôfpraat dat it bestjoer sneon 19 mrt. Mei Rients de Boer de saken fieder troch prate sil. Op dizze fergadering de sneons is de haadrol spiler, R.de Boer, net oanwêzich omt hy in begraffenis yn Kimswerd regelje moast. Hy hie dit wol oan foarsitter v.Dyk trochjûn en tagelyk sein dat hy de beneaming mei 1 april oannaam en dat de foarsitter by him thús de saken fierder regelje koe. Ien fan de Boer syn betinksten is dat hy de kiste leveret…… It wie hjir altyd gebrûk dat de doarpstimmerman de kiste levere en ek wol holp by it kisten. Ek wie dizze timmerman bestjoerslid, mar hy koe der mei akkoard gean. De foarsitter murk doe ek op, dat de begraffenissen no wol djoerder wurde soene, dan mei boade H.Pijl en dat selde jild no ek wer, tink ik mei ús nije boade. Wy hawwe as bestjoer, oer Rients en Sjoukje nea gjin klachten hân. De minsken binne altyd tige innommen mei de wize sa’t Rients de saken regelet en útfierd. Hy is rêstich en tige belutsen by de neibesteanden en jowt de neibesteanden ek alle romte oangeande de útfeart en sil nea syn sin trochdriuwe. Rients hat ek net foar neat in keninklike ûnderskieding krigen en der hat Sjoukje ek diel oan. Wy nimme no “ôfskie” fan boade Rients de Boer en ôflister Sjoukje de Boer, mar net as freonen en goekunde fan Rients en Sjoukje. Ek sil Rients syn tiid noch oant “âlde maaie” útstjinje, mar om dan ôfskie te nimmen liket ús net sa gaadlik en om te wachtsjen oan de ledefergadering fan 2011 like my ek net goed ta. Wy hoopje dat jimme noch lang in goede tiid op é Wiske hawwe meie. Sjoukje kriget in bos blommen en Rients in kado-bon.
Alle dragers hawwe soarge dat harren jas en broek op de fergadering is; fierders hawwe wy de klean fan de skoallesouder helle en hat Gerrit v.W. wat nije klean op sicht helle. Alle klean wurde besjoen, mar lang om let komme wy ta beslút dat de klean dy’t no yn gebrûk binne, de foarkar hawwe; salang alles noch past geane wy earst mar net oer ta oanskaf fan nije klean. De dragers wurde betanke foar har wurk en ynset en wy geane oer nei de rûnfraach. Piet Szn. Viëtor stelt him beskikber as fêste drager nei syn “staazje” as reservedrager. De foarsitter betanket de oanwêzigen foar harren kommen en ynbring en slút de fergadering. Wy nimme der ien op.
Hjirby Artikel 2 .1 fan de statuten fan de feriening: Het doel en de grondslag der vereniging zijn om op basis van vrijwilligheid, onderlinge solidariteit en nabuurschap en/of geïnspireerd vanuit een christelijke visie, onderlinge hulp te verlenen op het gebied van de uitvaart en een overledene op de meest waardige wijze, overeenkomstig zijn/haar wensen, naar zijn/haar laatste rustplaats te brengen, mede om te voorkomen dat de verzorging van een stoffelijk overschot van de mens een voorwerp van winstbejag wordt. De vereniging heeft primair een lokaal karakter. De feriening fersoarget net allinne begraffenissen mar ek kremaasjes. Omt jo mei de ledekoarting faaks in tekoart fan € 2000 oant € 3000 hawwe is it mogelik om fia de feriening in fersekering ôf te slúten foar de mearkosten.
Wolle jo mear oer de feriening witte as lid wurde, nim dan kontakt op mei bygl.: Sj.vd.Weide tel.:452521 sjvdweide@home.nl G.v.Wallinga tel.:452823
|