; Reisvereniging
Reisvereniging

It ûntstean fan de reisforiening: “Meiïnoar – Ien”.

It wie yn 1952 dat it idee oppere waerd om de foriening op te rjochtsjen.

De reisforiening bestiet dus al 53 jier. De minsken kamen doe nea de doar út om earne hinne te gean. Nei’t de oarloch ôfrûn wie, is der goed feest fierd yn’e buorren. In skofke letter binne de Hitsumers mei in bus fol minsken op in jûn nei Ljouwert west nei in sirkusfoarstelling. Dit hie sa goed foldien dat der doe besletten  is om de reisforiening op te rjochtsjen. Sa’n dei fuort mei elkoar wie moai. Sa komme jo ek nochris fierder as de buorren.

It earste reiske wie yn 1954. Se binne doe nei Volendam, Amsterdam, it Gooi en letter nei Stjinwiik om dernei nei hûs ta te riiden. De Hitsumers gongen moarns om 6 ûre fuort en kamen jouns 11 of 12 ûre wer thus.

Sa is it kommen, dat de Hitsumers no noch elts jier in dei fuort geane.
De reisforiening: “Meiïnoar – Ien” hie as doel om de Hitsumers wat fan it lân sjen te litten. Derom gong men ek sa betiids fuort, want oars seagen jo noch neat.
Om’t elts tsjintwurdich sels wol fuort komme kin is it doel fan de foriening ek oanpost. Jo kinne sa de kontakten yn it doarp mei elkoar wat ûnderhâlde.
Ek is it wichtich om jo op sa’n dei réstich del te jaen om te ûnthaasten. Elts hat it fleanende drok tsjintwurdich en dan is in dei fuort tige noflik.
Wer’t we san dei hinne geane is foar gjin ien, útsein it bestjoer, bekind.
Sa giet elts ûnbefangen mei en is der gjin gepraat fan der bin ik alris west en wol no net mei.

fotoboek
E-mail02 Gastenboek402
hitzum02
Herschaalde kopie van logo-woonfriesland-hoofdspo