ledenvergadering verslag 21-02-2013

Ferslag Ledefergadering “De Laatste Eer” Hitsum 21-02-2013.

By de IEPENING hjit de foarsitter de oanwêzigen wolkom en wurdt B.Vellinga-de Jong betocht; hja wie it ienige lid fan de feriening wat yn 2012 stoarn is .
Fierder hat de feriening tsjinsten ferliend by de begraffenis fan G.Bruinsma-Hoekstra.

By de YNKOMMENSTIKKEN en MEIDIELINGS wurde û.o. de bestjoersperikelen yn it Federaasje bestjoer neamt.

By it FERSLAG f.d SKATHALDSTER kinne wy sjen dat der goed buorke is omt der mar 1 lid stoarn is en der gjin ûnfersjenne útjeften wiene.
De KASKOMMISJE jowt dan ek ‘ desjarzje’ oan it bestjoer, werby de kaskommisje bedanke wurdt foar harren wurk.
As nij KASKOMMISJELID treedt P.A.Viëtor Ssn. oan .

By it FESTSTELLEN LEDEKOARTING & KONTRIBUSJE 2013 folget de fergadering it foarstel fan it bestjoer: ledekoarting € 1000,00 kontribúsje foar 18+ € 20,00 en bern € 4,50.
Moochlik yn 2014 in oanpassing as it AKTUARIEEL rapport dit oanjout.

By de BESTJOERSFERKIEZING wurdt G.Posthumus-Noordmans wer keazen; der binne ek gjin tsjinkandidaten oanbrocht by it bestjoer.

By de RUNFRAACH wurdt frege as der gebrûk makke wurde moat fan de boaden fan de feriening en oft it ek in oare boade wêze mei.
Antwurd: de feriening soarget foar in fêste boade en in reserve boade.
Fierders siket de feriening dragers en set dy yn de klean as hja tsjinst dwaan moatte.
As in stjêrhûs net gebrûk meitsje wol fan de boaden wer as de feriening ôfspraken mei makke hat, moat dat , mei arguminten omklaaid, fan te foaren oan it bestjoer foarlein wêze.
As der gjin gebrûk makke wurdt fan de tsjinsten fan de feriening , sûnder foarôfgeande ôfspraak, betellet de feriening gjin ledekoarting. De feriening is gjin fersekering!

Hjirnei slút de foarsitter de fergadering en winsket elts : Wol thús.

Comments are closed.