ledenvergadering verslag 14-02-2011

Begrafenis vereniging DE LAATSTE EER Hitzum
Ferslag fan de ledefergadering op 14 febr 2011
Om goed 8 oere iepent de foarsitter de fergadering mei it wolkom hjitten fan de oanwêzigen, te witten 11 leden, de beide boaden en it foltallige bestjoer.
Earst wurde de leden betocht dy’t it ôfrûne jier ferstoarn binne: Frou A. vd.Molen en de hear P.A.Viëtor Jzn. Ek is yn desimber noch de âld Hitsumer H.Miedema hjir op it hôf brocht.
Neidat skriuwer G.v.Wallinga ús ferslag docht fan de fergadering fan ferline jier en wat post dy’t der fierders ynkommen is, jowt de ponghâldster B.Blanksma-Dijkstra útlis oer de sinteraasje fan it ôfrûne jier. De kaskommisje, besteande út K.J.Hofstra en Tj.Hettinga,lit de fergadering witte dat de boeken kloppe en der kreas útsjogge. Hja hawwe foar akkoard tekene; foar Hofstra, dy’t no twa kear de boeken kontrolearre hat, nimt K.Leijenaar sit yn de kaskommisje. Wat betreft de ledefergoeding en de kontribúsje, wurdt nei wat besprek fan de “jeugdleden” besletten dat de kontribúsje en ledefergoeding dit jier net feroaret, mar dat it bestjoer takom jier in ferheging foarstelle kin. Wy kinne dan besjen om de kontribúsje te keppeljen oan 2% fan de ledefergoeding. De regeling mei de jeugdleden, sa as wy dy hjir hawwe, bliuwt bestean. Omt de feriening de nammen fan de jeugdleden hat en hja al lid binne, troch it opjaan troch de âlders, is it net nedich har as lid te freechjen. Oanmeldde bern binne lid foar € 4,50 en as hja 18 binne krije se sels in acceptgiro mei de gewoane kontribúsje. Op foarstel fan de fergadering soene de 18 jierrigen dan wol efkes ferteld wurde kinne wer as de feriening foarstiet, docht en wat de kosten fan de leste reis wêze kinne. It bestjoer nimt him foar mear oan ynformaasje te dwaan.
De feriening hat no 243 leden werfan 41 leden ûnder de 18 jier. De ferkiezing, dy’t neffens it wurklistke no oan bar is, giet tige flot: der binne gjin tsjinkandidaten kommen en B.Blanksma-Dijkstra en T.Zijlstra hawwe harren werkiesber steld en bliuwe dus ek yn it bestjoer sitten mei goedkarren fan de oanwêzige leden. By de rûnfraach komt noch op it aljemint hoe as de feriening omgiet mei leden (dy’t fier fuort wenje) dy’t gjin gebrûk meitsje fan de tsjinsten fan de feriening by in stjergefal. De feriening is perfoast gjin fersekering. De feriening is yn it earste plak foar it ferlienen fan tsjinsten troch boade-wurk en dragers. As in lid (as de neibesttande) gjin gebrûk makket fan de tsjinsten fan de feriening, kin de feriening de ledefergoeding ynhâlde. As ien en oar yn oerliz mei de feriening of de boade bart, sil de feriening meastal de fergoeding ferekkenje mei tastjoerde rekkens. As lêste punt komt it sluten fan de gearsit en betanket de foarsitter de oanwêzigen foar harren ynbring en werwurd.

Sjoerd v.d.Weide.

Comments are closed.