activiteiten

header-reisvereniging

Wat binne de aktiviteiten fan de reisforiening?

Op de earste sneontejoun fan novimber hâlde wij ús ledefergadering. Dizze joun leit fést, sadat alle leden witte kinne wannear de ledefergadering is.

De gong fan saken op dizze joun is as folge:

Natuerlik in wurd fan wolkom, it ferslach fan de foarrige gearkomste , it reiske ferslach fan it ôfrûne jier, en ek de ynkomsten en útjeften wurde fertelt. Dan is der rom tiid foar in bakje kofje en dan binne der bestjoers ferkiezingen as nedich is en oars geane we fierder mei it útsykjen fan de nije reiskedei, wannear en wêrhinne. Oan’e ein fan de joun binne der meastal in tal rountsjes bingo. Dit is om de fergaderkosten wer wat te drukken.

Comments are closed.