Doarpshûs Hitsum is der wer klear foar!

Doarpshûs Hitsum is der wer klear foar!

juni 22, 2020 Niet gecategoriseerd 0

In stikje ut de nijsbrief Dorpen en Wijken fan de gemeente Waadhoeke.

Wy binne frege troch de gemeente om in stikje te skriuwen foar dizze nijsbrief. Doarpshûs Hitsum lit graach witte hoe as wy dizze nuvere firustiid belibje.

Dat it allegear oars is yn dizze Covid -19 tiid, is wat wy allegear tige fiele. Hjir yn Hitsum docht elts syn bêst om it sa goed mooglik op te pakken en oan de nommen maatregels te foldwaan. Mar alles komt op slot en dat falt net ta. Wy meie gjin sosjale kontakten mear ha, thús bliuwe is it adfys. Wy meie net mear nei it doarpshûs foar in noflik praatsje, te biljerten, toniel spylje, kaarte of gewoan gesellich in drankje en in praatsje dwaan. De Covid-19 hat ús goed yn’e macht.

Doaren wer iepen
As bestjoer hâlde wy it nijs goed yn de gaten, it sjoernaal mei de RIVM berjochten, de site fan de gemeente, site fan Doarpswurk, de kranten. Wy folgje de webinars fan Doarpswurk, wolle op de hichte bliuwe; hoe komt it mei de sosjale koheezje yn Hitsum? De donkere wolken wurde wat ljochter, wy geane foarút, mar bliuwe hoeden.

Fansels meitsje wy al wol fêst húswurk: der moat in ‘Corona protokol’ komme dat skreaun is op ús eigen doarpshûs. Doarpswurk hat in foarbield makke wat wy as basis brûke meie; dus dêr mei oan de slach! Hawwe wy noch oerlis mei de gemeente oer socht, mar bliek net nedich. Wy meie de doaren wol iepen ha, mei de op dat momint fêststelde regels. Wy ha der wer sin oan!

Der wurde posters ophongen, de tafels, stuollen en barkrukken wurde klearset mei 1,5 meter der tusken, de húskes moatte regele wurde, ekstra skjinmakkersguod wurdt kocht en klearsetten; hawar, jim witte allegear hokker regels der jilde.