‘ús Betty’ ûntfangt bûnsynsynje fan KNKB

‘ús Betty’ ûntfangt bûnsynsynje fan KNKB

augustus 3, 2019 Niet gecategoriseerd 0

Foarsitter fan de Ald-Meiers Partij Betty Blanksma-Dijkstra hat it bûnsynsynje fan de KNKB ûntfongen. Dy krige se út hannen fan KNKB-foarsitter Wigle Sinnema, by it begjin fan de tweintichste edysje fan it keatsevenemint yn Hitzum. Blanksma-Dijkstra wie, tegearre mei de famylje Winsemius, ien fan de grûnlizzers fan de Ald-Meiers Partij.

It ûntfangen fan de ynsynje kaam as in grutte ferrassing. “It wie kompleet ûnferwachte. Prachtich!”, seit Blanksma-Dijsktra derfan. “Wy besykje der tegearre in sa moai mooglike wedstriid fan te meitsjen. Fan it begjin ôf ha ik der eins by belutsen west en ha ik foarsitter west.” Blanksma-Dijkstra set har altyd entûsjast yn foar de Ald-Meiers Partij. “Ik doch it mei in soad wille, ek foar it doarp. Wy binne hjir mar lyts en dat we sa’n dei hjir organisearje kinne mei elkoar, fyn ik elke kear wer geweldich.”