Workum wint Ald-Meiers Partij

Workum wint Ald-Meiers Partij

augustus 3, 2019 Niet gecategoriseerd 0
foto: Henk Bootsma

It partoer fan Workum hat sneon de winst pakt by de tweintichtse edysje fan de Ald-Meiers Partij yn Hitzum. Nynke Kuipers, Naomi Wiersma en Gerde Lycklama à Nijeholt wiene yn de finale mei 5-2 en 6-2 te sterk foar de famkes út Seisbierrum/Pitersbierrum: Sigrid Post, Judith Zuidema en Fiera de Vries.

De beide favoriten stiene yn de finale. Op 5-2 6-2 beëinige útblinkster Gerde Lycklama à Nijeholt de partij mei in moaie boppeslach. De lytse preemje wie foar Boalsert. Dat partuer ferlear yn de heale finale 5-1 6-6 fan de ferliezend finalist. Spesjale gasten De tradisjonele gasten op de Ald-Meiers Partij wiene dit jier de fjouwer froulju dy’t yn it besit binne fan de fjouwer wimpels: Fenna Zeinstra, Sjoukje Visser, Aukje van Kuiken en Sjanet Wijnia.